In begraafplak is in bysûnder plak. It is in plak dêr ‘t de natuer him yn alle fasetten toant; in plak dêr ‘t de ‘circle of life’, de kringloop fan it libben, sichtber is.

De belibbing op begraafplakken is fan grut belang. In plak mei flinters, fûgels, beammen en blommen biedt mear gelegenheid om ta rêst te kommen.

It ôfrûne seizoen draaide it projekt mei in soad sukses yn Mitselwier, Burdaard, Boerum en Dokkum.

Dizze hjerst sille learlingen helpe om it bioferskaat op it begraafplak yn Ternaard en it tsjerkhôf yn Rinsumageast te fergrutsjen. Yn in gastles wurdt filosofearre oer de libbenssyklus, der wurdt praat oer bioferskaat en sille se fûgelhokjes timmerje. Op it begraafplak sille se bollen plantsje en de sels timmere fûgelhokjes pleatse. Sa helpe bern mei om de begraafplakken in moaier plak te meitsjen foar bisten, ynsekten en minsken.

De lesbrief jout hânfetten om der in minyprojekt fan te meitsjen dêr’t NME-Boargerskip-Technyk yn gearkomme.

TINK DEROM: Dit projekt is in gearwurking tusken Groenvoorziening fan de gemeente Noardeast-Fryslân en De Klyster. Dit skoaljier is der romte foar 2 x 30 learlingen fan in skoalle yn de buert fan it begraafplak.

 

 

Oare ynformaasje

TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje harren by opjefte om mei te dwaan. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

03 goede gezondheid en welzijn15 leven op het land