Us dream foar 2024
Dat alle basisskoalbern fan Noardeast-Fryslân en Dantumadiel ûnder skoaltiid nei bûten gean en natuer en lânskip ûntdekke yn dizze moaie regio.
- Dat sy grutsk leare te wêzen op wêr’t se weikomme.
- Dat sy in dynamyske skoaldei hawwe, wêryn ‘t stilsitte en leare mei de holle ôfwiksele wurdt mei bûten leare mei holle, hert en hannen.
- Dat sy topûnderfinings yn ‘e natuer belibje kinne, dy’t in net út te wiskjen yndruk efterlitte.
- Dat sy natuerfeardichheden foar it libben leare.
- Dat sy, tanksij de natuer opgroeie ta in sûne en lokkige generaasje.
It Klysterteam winsket eltsenien in Grien, Sûn en Lokkich nijjier ta!