Dizze leskiste hjit Moltsje wol ferhúzje en dat wol er mei syn bistefreontsjes Iikhoarn, Spin, Fûgel, Stikelbaarch en Knyn. Haadpersoan Moltsje is mei syn freontsjes flechte út in bosk dat fuort moast. Wêr moatte se hinne? Hoe wenje dizze bisten eins? Wat fine se noflik? Mei de opdrachtkaarten en it materiaal út de kiste sille de learlingen de omjouwing ferkenne. De sintrale fraach fan de bisten is: ‘Meie wy hjir komme te wenjen?’. De bern ûndersykje sels oft dit kin en nei ôfrin jouwe se alle bisten in advys.
Spylje in stikje teäter mei de hânpoppen. Gean lekker nei bûten ta mei de bern op aventoer!