De leskiste Fjildblommen giet oer wat fjildblommen nedich hawwe om in blide blom yn in greide wêze te kinnen. Learlingen ûntdekke dit sels troch bûten koarte opdrachten te dwaan.
Nei de yntroduksje giet dyn klasse nei bûten ta en ûntdekke de learlingen boartsjendewei hokker faktoaren (bygelyks iten, grûnsoarte, behear) in blom nedich hat om in tefreden blom yn in greide wêze te kinnen. Yn de leskiste trefst in skat oan materiaal oan om yn de lessen te brûken.
Sikesto as learkrêft om leuke, learsume en praktyske opdrachten foar yn in blomrike omjouwing, sa as in greide of in berm? Dan is dizze leskiste wat foar jimme!