De leskiste ‘Grieme mei grûn foar groep 3-4’ giet oer de boaiem. Mei-inoar sille jimme neitinke oer de fraach wêrom’t der gjin planten yn de sânbak groeie. Dyn learlingen besjogge it sân fan hiel tichtby en ûntdekke wat planten nedich hawwe om yn groeie te kinnen.
Fansels geane jimme ek nei bûten om te ûntdekken oft der bisten libje yn en by de boaiem. De wjirms nimme jimme mei as gast yn de klasse om ekstra goed bestudearje te kinnen.
Trouwens, wisto dat wjirms lucht yn de grûn bringe én dat se harren in wei troch de grûn hinne ite en fan ôffallen blêden wer fruchtbere grûn meitsje? Untdek it allegearre mei dizze leuke leskiste.