In natuerwurkdei op it hiem fan in boer yn de buert, dat is in unike ûnderfining. Learlingen sille de boer helpe mei it snoeien en seagjen fan de elzesingels. Dêrneist krije se natuer- en kreative opdrachten yn ‘t fjild.
Op skoalle joust les út de lesmap: oer it kûlisselânskip en oer wâldpiken en wêrom’t hja harren sa thúsfiele yn it smûk skaadzjend beamtegrien. Sa wurde dyn learlingen oplaat ta ambassadeur fan it lânskip.
In dei hakje en seagje by de boer. Om nea te ferjitten.
Sûnt 2008 ûntdekke alle jierren sa’n 1.000 learlingen harren eigen bysûndere leefomjouwing: Nasjonaal Lânskip de Noardlike Fryske Wâlden.