Yn it neijier sil de natuer sliepe. Gids Annemarie komt op skoalle en fertelt earst in moai ferhaal m.h.f. hânpoppen Eki Iikhoarn, Kermit de Kikker, Eddy Stikelbaarch en Jikke Earrebarre oer de wintersliep. De bollen en knollen dogge ek in wintersliep.

De beukers geane sels bûten snieklokjes en krookjes plantsjen en tadekken mei in tekkentsje fan ierde. Lekker sliepe boltsjes… en no mar wachtsje oant de sinne yn febrewaris wer wat waarmer wurdt en de bollen boppe komme.

In super projekt, dêr’t de beukers tige fan genietsje sille.

Oare ynformaasje

Joust dy online op en wurdst belle foar it plannen fan datum en tiidstip foar de gastles. Kinst yn jannewaris noch in kear bollen plantsje yn de klasse. Yn de lesbrief stean suggestjes. Gids Annemarie nimt foar alle bern bollen en skepkes mei. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land