Hoi! Ik bin Eddy Stikelbaarch. Ik nim dyn learlingen graach mei op ûntdekking by de Sûkerei! Ik skarrelje faak stikem om. Meastal sjochst my net. Mar ik sjoch fan alles! Us pake fertelde my ris, dat de minsken foarhinne oars libben. Folle tichter by de natuer. Dat lit ik dyn learlingen ûntdekke!

De rûte bestiet út 10 opdrachten. Dyn learlingen geane yn lytse groepkes oan de slach. Eddy Stikelbaarch lit dyn learlingen alderhande natueraktiviteiten dwaan. En de natuergidsen litte ûnderweis moaie natuerwûndertsjes sjen.

Koartsein in boartlike aktive bûtenekskurzje foar jonge bern. Giest mei?

Oare ynformaasje

Wolst nei dy tiid boffertsjes ite? Of yn de wâldhúskes sjen? Dat kin by de Sûkerei. Belje 0511-420936 en regelje dit sels. Kosten yn oerlis mei de Sûkerei. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land