Natuer is oeral en yn de hjerst fynst de moaiste kleuren! Us entûsjaste natuergids nimt dyn learlingen mei op in spannende hjerstekskurzje troch it Tolhuispark yn Dokkum of de bosk by Driezum. Yn beide parken falt fan alles te sjen en te ûntdekken.

Op boartlike wize geane de bern op ‘e siik nei poddestuollen, beammen, plantsjes, bistkes en oare hjerstskatten. Ta beslút meie de learlingen noch efkes lekker klimme oer de steapel beamstammen of banjerje troch de hjerstblêden.

Twa superleuke ekskurzjes foar de jongste bern. Sukses fersekere. Sis it mar, wurdt it Tolhuispark of Driezum?

Oare ynformaasje

Do joust dy online op en wurdst belle troch de gids foar it plannen fan datum en tiid. Min waar? De gids beslút oft de ekskurzje trochgean kin yn oerlis mei skoalle. Wês op ‘e tiid. Dan kin de gids op de ôfsprutsen tiid begjinne. TINK DEROM: Dit projekt kriget gemeentlike subsydzje. Skoallen ferplichtsje har by opjefte ta dielname. It ferpleatsen fan in ôfspraak kin allinnich nei oerlis mei De Klyster oant 14 dagen yn it foar.

Duorsume ûntwikkelingsdoelen 

15 leven op het land