Och heden, hekske Petronella is mei har biezem tsjin in beam flein. No hat se in brutsen skonk en kin se net foar de sike bisten yn de bosk soargje.
Komme jimme te helpen om drankjes te meitsjen foar de ûle, stikelbaarch, mûs en oare bisten? Jimme sille ek in grut spinreach foarmje, poddestuollen bestudearje, krûden priuwe, heksesop brouwe en tûkjes sykje om in eigen biezem te meitsjen.
In ôfgryslik leuke, leave ekskurzje foar de ûnderbou.