Op tiisdei 3 novimber hawwe learlingen fan CBS de Hoeksteen yn Dokkum meidien oan Klysterprojekt ‘Biodiversiteit op begraafplakken’. It projekt is op inisjatyf fan de behearder fan de gemeentlike begraafplakken yn Noardeast-Fryslân úteinset yn it neijier fan 2023.
It doel fan it projekt wie oarspronklik it sichtber meitsjen fan it al ynsette, duorsumere behear fan de gemeentlike begraafplakken. It ûnderhâlden fan de begraafplakken mei mear each foar wat der groeit, bloeit en libbet. Dat is better foar it boaiemlibben, ynsekten en fûgels. Koartsein: mear bioferskaat. It plantsjen fan lânseigen soarten blombollen en it pleatsen fan mear nêstkasten troch basisskoallelearlingen draacht dêroan by.
De learlingen fan groep 7/8 ha timmere en beitst op skoalle, en sa’n 800 blombollen plante op begraafplak Lindenhof yn Dokkum. Dêrneist giene se yn petear mei Ds. Hille Vlasman oer de kringloop fan it libben. Oer berne wurde en úteinlik deagean. Hiel weardefol foar de bern om dêr in kear oer yn petear te wêzen. Mei in rêstige, nochtere benadering en mei romte foar it dielen fan ûnderfiningen en de emoasjes dy’t dêrby hearre.
It wie in dei wêrby’t ‘HERT – HOLLE en HANNEN’-leare folslein nei foaren kaam.
Lês mear: https://www.rtvnof.nl/leerlingen-cbs-de-hoeksteen-maken-begraafplaats-lindenhof-vogelvriendelijker/
foto: Bote Sape Schoorstra

