Op freed 9 oktober hat de Duorsume Foarlêsdei wer plakfûn, op fiif basisskoallen yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân. Wethâlders liezen de learlingen foar út it Fryske berneboek ‘De Oprommasine’ fan skriuwster Lida Dijkstra.

Dit jier draaide de foarlêsdei om plestikfersmoarging en masines dy’t helpe kinne om plestik ôffal op te romjen. Neist it harkjen nei it ferhaal giene de bern oan de slach mei learsume aktiviteiten oer ôffal en duorsumens. Ek wie der romte om fragen te stellen oer de gefolgen fan plestik yn de natuer.

Yn Damwâld lies wethâlder Tom Bakker tegearre mei skriuwster Lida Dijkstra foar op de Dr. J. Botkeskoalle. Op CBS De Sprankeling namen wethâlders Kempenaar en Heringa it foarlêzen foar harren rekken. Yn Noardeast-Fryslân lies wethâlder Braaksma foar op de Wrâldwizer yn Easternijtsjerk en wethâlder Bos-Jonkmans op CBS De Tarissing yn Aldwâld.

De Duorsume Foarlêsdei wurdt alle jierren hâlden yn de Berneboekewike. Mei de aktiviteit wolle de gemeenten bern op in tagonklike wize yn ‘e kunde komme litte mei duorsumens en tagelyk it (foar)lêzen stimulearje. Dêrby krijt ek de Fryske taal omtinken, omdat it ferhaal alle jierren yn it Frysk foarlêzen wurdt.

Sjoch ek: Wethouders lezen Friese verhalen voor tijdens Duorsume Foarlêsdei – RTV NOF nieuws uit Dokkum, Damwâld, Burgum, Buitenpost, Surhuisterveen