Meld dy hjir oan <link: https://forms.gle/13HN6SXbR7PnwqAm8 >
Jubileumfeest De Klyster
Op freed 6 novimber fiere we it 30-jierrich bestean fan NME De Klyster. Dat dogge wy mei in ynhâldlik én ynspirearjend programma. Wy steane stil by wat der de kommende jierren écht ta docht: mei-inoar ynvestearje yn in sûne, griene takomst.
Sprekkers dy’t dy oan it tinken sette
Mathijs ter Bork, Direkteur IVN Noord
Mei syn ûnderfining as learkrêft toant Mathijs de ympakt fan natueredukaasje en wêrom ynvestearje hjiryn krúsjaal is foar de ûntwikkeling fan bern.
Timo Roeke, Wurdfierder Fûgelbeskerming
As pasjonearre fûgelekspert sketst Timo út it fûgelperspektyf wei de rykdom én útdagings fan de natuer, ynklusyf de ympakt fan minsklik gedrach en belied.
Marjolein Staal, Teamlieder De Klyster
Marjolein toant hoe’t De Klyster al 30 jier in effektyf middel is om bern leare te litten yn en oer de natuer, mei konkrete foarbylden dy’t bydrage oan ús duorsume opjeften.
It programma is ynteraktyf en nûget dy út ta meitinken en meidwaan. Deifoarsitter Sippy Tigchelaar begeliedt dizze middei persoanlik en boeiend. Elkenien giet nei hûs mei moaie ferhalen, weardefolle petearen en nije ynsichten.
Praktyske ynformaasje
Datum: freed 6 novimber
Tiid: 15.00 – 17.15 oere (ûntfangst fan 14.30 oere ôf)
Lokaasje: Hammerslag, Westergeast (maksimaal plak foar 100 persoanen)
Meld dy gau oan foar 9 oktober <link: https://forms.gle/13HN6SXbR7PnwqAm8 >
Wy sjogge dernei út om dizze bysûndere mylpeal te fieren mei skoallen, gemeenten, gearwurkingsrelaasjes en it Klysterteam.


