Fan ‘e wike berikte ús it fertrietlike berjocht dat Henk Kroes op 15 septimber l.l. ferstoarn is. Oant 8 july fan dit jier makke hy diel út fan it Komitee fan Oanrekommandaasje fan De Klyster. Fan de oprjochting fan it Komitee ôf, wie Henk Kroes in tige wurdearre lid.
Henk Kroes wie in bekende Fries, bestjoerder en ûnder oare foarsitter fan de Fryske Alvestêden en direkteur fan It Fryske Gea. Hy wie in natuerman yn ieren en sinen en makke oant yn hege âldens lange kuiers dwers troch de natuer yn binnen- en bûtenlân. Hy wie in markante persoanlikheid en hie neist syn leafde foar de natuer altyd each en waarme belangstelling foar alle minsken fan earm oant ryk, fan jong oant âld.
Henk Kroes fûn it wichtich om bern fan jongs ôf oan te belûken by de Fryske natuer. Dêrom woe er him ek graach ynsette foar in lytse organisaasje as De Klyster. Dat sierde him en wy wiene der fansels grutsk op dat er ambassadeur wêze woe foar natuer- en miljeu edukaasje. De quote dy’t er doedestiids oanlevere foar ús webside wie dan ek: “Fansels, we wolle foar ús bern skjin wetter, suvere lucht, foldwaande iten, wenromte en gelok. Dêrfoar sille wy op in duorsume wize mei ús ierde omgean moatte. Moaie wurden, dy’t De Klyster omset yn dieden! Mei it Natuer-programma fan De Klyster komme alle bern yn oanrekking mei de natuer yn harren eigen leefomjouwing. Dêr begjint it.”
Alle jierren wer bea er oan om neist syn ambassadeurskip ek praktysk wat foar De Klyster te betsjutten. Sa hat er ûnder oare mei west op natuerekskurzjes en gie er mei nei de gastles en rûnlieding by de fiskôfslach Lauwerseach om dêr de 6.000-ste learling oan dit projekt persoanlik in hantsje te skodzjen. Syn dochter Pyke Kroes hie yn gearwurking mei De Klyster in suksesfol edukatyf projekt ûntwikkele foar de fiskôfslach mei as tema ‘Iten út ‘e see’.
Oan syn waarme persoanlikheid en belutsenens bewarje wy hiele goede oantinkens. En fan dit plak ôf winskje wy syn famylje in protte sterkte ta. Wy sille Henk Kroes nea ferjitte.


