Freed 26 juny 2026 folge berneboargemaster Menthe van der Zee in nijsgjirrige les oer greidefûgels by groep 6 fan master Erik Lei fan de Burgerschool yn Dokkum. Master Erik is in echte natuermaster en daget syn groep út om safolle mooglik fûgels te spotten. Dizze les gie it oer de ljip*, in echte greidefûgel. Foar dizze les wie ek Pyke Kroes fan IVN natueredukaasje oanskood. Pyke joech bûten in wjirmeles. Ljippen en oare greidefûgels ite nammentlik hiel graach wjirms en oare ynsekten en boaiembisten.

De learlingen learden ek dat it aaisykjen al in âlde Fryske tradysje is en dat tsjintwurdich de aaien net mear meinommen wurde, mar op ‘e foto set. De priis foar de finer fan it earste ljipaai fan Fryslân is de Sulveren Ljip en wurdt útrikt troch de Kommissaris fan de Kening. Dêrneist is der in priis foar it bern dat it earste ljipaai fynt; It Sulveren Polske.

Ek de gemeente Noardeast-Fryslân rikt in priis út foar de finer fan it earste ljipaai yn de gemeente. “Spitich dat der gjin bernepriis is”, fine de learlingen. De berneboargemaster en de groep fan master Erik soene dit wol hiel aardich fine nammentlik. De berneboargemaster sil dit by har ôfskied as tip meijaan oan ‘e gemeente.

En wa wit fynt ien fan ‘e learlingen fan master Erik takom jier wol it earste ljipaai en krijt hy of sy in priis út hannen fan boargemaster Johannes Kramer. De learlingen hawwe der no al sin oan. Sy geane derfoar!

* de les is ûnderdiel fan it troch De Klyster ûntwikkele projekt ‘Weidevogel-van-de-Week’.

Op ‘e foto berneboargemaster Menthe van der Zee, Pyke Kroes en groep 6 fan de Burgerschool.