Tongersdei 7 maaie 2026 fierde Marjolein Staal har 25 jierrich amtsjubileum tegearre mei it team fan De Klyster, bestjoersleden en famylje, mei in feestlike lunch by restaurantbuorkerij de Omlieding yn Feanwâlden.

Yn maart 2001 begûn Marjolein by De Klyster en har opdracht wie û.o. om it NME-Sintrum op de kaart te setten, fierder út te bouwen en om in skoallenetwurk op te bouwen yn de regio. En dat is goed slagge, want no, fiifentweintich jier letter, telt it team 14 frijwilligers en 11 projektmeiwurkers dy’t har mei hert en siel ynsette om basisskoallebern te belûken by de natuer en it miljeu yn de eigen leefomjouwing en binne alle skoallen lid fan De Klyster. De ôfrûne tiid dogge alle jierren mear as 10.000 x learlingen mei oan klysteraktiviteiten en telt it útliensintrum 75 edukative leskisten!

“Yn dizze tiid wêryn’t hast alle krisissen werom te fieren binne op hoe’t wy omgean mei de ierde, is duorsum-dwaan fan it grutste belang. Dêrfoar is it nedich dat je as bern in goede bân opboud hawwe mei de natuer. Dêrom belûke wy bern by de natuer yn harren eigen leefomjouwing, troch se sjen te litten hoe moai oft de natuer is. Ut leafde, wille en ferwûndering wei kostet duorsum gedrach gjin muoite. En dat moatte we tegearre dwaan, as team mei de skoallen, gemeenten, âlden en natuerferieningen. Dêr bin ik grutsk op en ik hoopje dit noch jierren tegearre dwaan te kinnen”, fertelt Marjolein by har koarte speech.

It wie hearlik waar, de sinne skynde folop en elkenien koe gesellich mei-inoar byprate en oantinkens ophelje. Marjolein waard bedoarn mei in soad kadootsjes en hja geniete fan ‘e gesellichheid. “It wie noflik om dit jubileum mei-inoar fiere te kinnen, dêr bin ik echt hiel tankber foar.”, meldt de jubilaris nei ôfrin fan de feestlikheden.

Klyster Sjanne Pol makke de foto.