Op 6 maart 2026 folgen klysters Mirja Brandorff, Sterre Streefkerk en Jurjen Bylsma de iendaagse kursus FHF (Fjild Help Ferliening) yn Beetstersweach. De kursus FHF is spesjaal bedoeld foar minsken dy’t bûten yn de natuer of bygelyks op it boerehiem ekskurzjes of fjildwurkdagen jouwe. In ûngelok sit yn in lyts hoekje, der kin altyd wat barre en as natuergids fine je it fansels wichtich dat je dielnimmers feilich binne en dat je harren help biede kinne as it nedich is. Bûtenterreinen lizze soms wat fierder fan de bewenne wrâld en dat makket earste help ferliene fan grutte wearde.

Jurjen, sels EHBO-dosint seit: “Ik fûn it fjild help ferlienen in tige nijsgjirrige kursus. Sels haw ik dingen leard dy’t ik noch net wist, mar brûke kin yn’e praktyk. De kursus is foar my foar werhelling fetber.” Jurjen, Sterre en Mirja fûnen de kursus tige nuttich en befelje de kursus fan herte oan by harren kollega natuergidsen. Goed om te witten: alle natuergidsen fan De Klyster hawwe altyd in EHBO-set by har as se op ekskurzje geane!

Op ‘e foto Jurjen en Sterre.