Westereen, sneon 7 maart 2026. Op dizze dei wie klystergastdosint Hilda Buursma te gast by De Weekend Nieuwshow fan RTV NOF. Yn it ramt fan it 30-jierrich jubileum fan De Klyster set RTV NOF alle moannen in NME-item yn de skynwerpers. Yn de moanne maart is dat it klysterprojekt GFT, wat dochst dermei?

Sytze de Haan fan RTV NOF ynterviewde Hilda Buursma oer de gastles GFT, wat dochst dermei?, dy’t op dit stuit op de basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân jûn wurdt.

Yn it ynterview fertelt Hilda ûnder oare wêrom’t GFT skieden wurde moat en wêrom’t op skoalle gjin griene kontener stiet. Under de gastles betinke de learlingen hoe’t se op harren skoalle dochs GFT skiede kinne. De skoalle kin oanjaan oft sy fergees lytse griene kontenerkes foar yn ‘e klasse én in kompostfet hawwe wolle.

Sjoch en harkje hjir nei it ynterview:  Hilda Buursma over hoe scholen groen kunnen blijven